Waarnimmer yn Boalsert?

Boalsert krijt meikoarten nei alle gedachten in waarnimmend boargemaster. De sittende boargemaster Schuilinga is al in skoft siik. Syn taken wurde troch in wethâlder waarnommen.
Dy sitewaasje kin net lang sa mear trochgean om't der takom jier gemeenteriedsferkiezings op it program steane. De wethâlder wol mooglik sels oan de ferkiezings meidwaan.