Jouster Blokker lang ticht

It Blokkerfiliaal op 'e Jouwer sil nei alle gedachten fjouwer moanne ticht wêze. Sneon baarnde de winkel folslein ôf. De saken neist de Blokker geane moandei en tiisdei wer iepen.
It fjoer ûntstie op de boppebedjipping. De oarsaak fan 'e brân is noch hieltyd ûnbekend. De technyske resjerzje is dwaande mei it ûndersyk en tinkt woansdei mear te witten.