Waadsee mooglik op Unesco-list

De Waadsee wurdt mooglik wrâlderfgoed. Mei Dútslân en Denemarken praat Nederlân meikoarten oer it oanmelden fan it natuergebiet by de Unesco. Dêr steane ek de piramides yn Egypte op.
De Waadsee is fan universele wearde, net te ferfangen en unyk, neffens it ministearje fan Lânbou. Al sân lokaasjes yn Nederlân steane op de Unesco-list, wêrûnder it Woudagemaal op De Lemmer.