Nep-plysjewein yn Ie

In nep-plysjewein hat de ynwenners fan Ie freedtemoarn yn betizing brocht. Ut in opfallende âlde wite Volvo waard omroppen dat bewenners binnen bliuwe moasten. Oer it hoe en wat soe fia de televyzje dúdllikheid komme.
De ynwenners hienen troch dat it net om in echte plysje-auto gie. Sa wie it wurd 'plysje' derop skildere en hie de wein gjin kenteken.