Twadde monumint sinleas geweld

© Omrop Fryslân
Ljouwert kriget in twadde monumint tsjin sinleas geweld. By de yngong fan it Ljouwerter Bosk yn it noarden fan de stêd komt in tinkstien foar Daniel van der Meulen dy't jannewaris ferline jier delstutsen waard yn de Beukestrjitte.
It idee komt fan de âlden fan it slachtoffer. It monumint wurdt op 29 septimber ûntbleate. Dat is op de jierlikse dei tsjin sinleas geweld.