Foarpremjêre Soul Assassin

© Omrop Fryslân
Woansdeitejûn wie yn bioskoop Cinema oan de Nijstêd yn Ljouwert in spesjale foarpremjêre foar it Fryske publyk fan de film 'Soul Assassin'. Dêrby wiene ek de regisseur fan de film, Larry Malkin, en de akteurs Antonie Kamerling en Derek de Lint oanwêzich.
Nei de foarstelling wie der in feest yn kafee De Dikke van Dale wêr it ek mooglik wie om mei de akteurs nei te praten.