Fryske bijdrage oan Lowlands

Der spylje twa Fryske bands op it Lowlandsfestival yn Biddinghuizen kommend wykein. Luie Hond spilet Nederlânsktalige reggae/ska en The Proov bringt hiphop.
It is alwer de njoggende kear dat it festival yn de Flevopolder hâlden wurdt. Der steane mear as hûndert muzyk- en teateracts op it program. Alle 57.500 kaarten binne útferkocht.