Sterkste man fan Noard-Nederlân

De sterkste man fan Fryslân, Alle Bergsma, nimt it sneon op tsjin de nûmer twa fan Nederlân, Jarno Hams út Vroomshoop. Dit bart sneon fanôf 14.00 oere op camping De Rakker yn Wâldsein.
Ek Ron van Wamel út Den Helder, nûmer fiif fan Nederlân, smyt him yn de striid om de titel 'Sterkste man fan NoardNederlân'. Underdielen binne ûnder mear: frachtwein lûke en powerstairs.