Nij gefal meningokokbesmetting

Yn de Ljouwerter wyk Bilgaard is op 'e nij in gefal fan meningokokbesmetting fêststeld. In 11-jierrige jonge is woansdei opnommen yn it sikehûs.
It giet de jonge frij goed. Hy en syn famylje krije medisinen. Der wurdt ûndersocht oft de jonge kontakt hân hat mei it famke dat ferline wike yn de Frijheidswyk ferstoar. De GGD hat de helplijn wer iepensteld: 058 - 2334334.