Koart plysjenijs

By in ynbraak yn it jachthavenkantoar yn Hylpen is woansdeitenacht foar tûzenen gûne stellen. De dieven kamen binnen troch de doar te fernielen. Se ha njonken in jildbedrach ek in digitale kamera stellen.
De plysje hat tongersdeitemoarn in 39jierrige man út Ermelo bekeurd. De man ried mei in te swier belade frachtwein oer de grutte dyk by De Jouwer.