Ljouwerter bern op doarpsskoalle

Basisskoalle De Winze yn Wyns lûkt bern út Ljouwert oan om bestean bliuwe te kinnen. De doarpsskoalle hat al hast 10 jier in learlingetekoart. Der binne wetlik tenminste 23 bern nedich om bestean te bliuwen.
Om't Wyns net bijbouwe mei, komme der net folle bern by. De skoalle lûkt no bern út oare doarpen en sels Ljouwert oan.