Koart plysjenijs

In 26-jierrige Ljouwerter hat sneon in winkelrút ynsmiten oan de Bleeklaan yn Ljouwert. Hy pakte seis fytsslotten en ferdwûn doe. De plysje koe him oanhâlde.
In jonge fan 13 is sneon mishannele by in skatebaan yn Drachten. In leeftiidsgenoat skopte him sûnder oanlieding en drukte in baarnende sigaret yn syn gesicht. De dieder naaide dêrnei út.