Gemeente pakt fernielings oan

Achtkarspelen oerwaget aksje tsjin it fernielen fan syn eigendommen. De gemeente hat geregeld te krijen mei fandalisme. It nije multyfunksjonele sintrum yn Surhústerfean hat al in pear kear skea oprûn.
De gemeente wol dat de plysje en wolwêzensstichting 'It Achtkant' in wichtige rol krije by it foarkommen fan fernielings.