Skûtsjes helje wedstriden yn

© Omrop Fryslân
De IFKS-skûtsjes sylden tongersdei by Ychtenbrêge twa kear. Se moasten wedstriden ynhelje om't de race twa kear net trochgie fanwege it minne waar.
De earste wedstriid begûn om 12.00 oere. Sieb Meijer waard de winner, folge troch Sietse Ronner en Jacob Huisman. It wie opfallend wynstil op 'e Tsjûkemar. Winner Meijer neamde it dan ek in 'gelokssilerij'.