Van der Schoot fjochtet troch

© Omrop Fryslân
Grutoandielhâlder Van der Schoot tsjinnet in skeaclaim fan 15 miljoen gûne yn as skipswerf Frisian Shipyard Welgelegen yn Harns oergiet nei Bodewes. De werf is fallyt.
Van der Schoot is as direkteur op nonaktyf set. De ynterim-direksje hat yntusken útstel fan betelling oanfrege. Tongersdei praat Van der Schoot mei twa bewâldfierders oer de takomst fan FSW.