Erik Dekker wint Profronde

Erik_Dekker hat tiisdeitejûn de 20e Profronde fan Surhústerfean wûn. De Rus Ivanov waard twadde en Stuart O´Grady út Australië tredde.
Der stiene sa´n 25.000 taskôgers lâns de kant. Tour de France-winner Lance_Armstrong wie te djoer foar de organisaasje. De lêste Tourwinner dy´t meidie oan ´e Feanster Profronde, wie Marco_Pantani.