Geunstige lotting Freule

© Omrop Fryslân
De Freulepartij yn Wommels liket woansdei in iepen wedstriid te wurden. De Freule is de belangrykste keatswedstriid foar jonges fan 14 oant 16 jier. In 6-tal partoeren kin ta de favoriten rekkene wurde, lykas Wytmarsum en Frjentsjer.
Foar de Freule hawwe har 51 ôfdielings ynskreaun. De lotting is geunstich. In oantal favorite partoeren kin elkoar pas yn de lêste faze tsjinkomme.