Brundel oermachtich op Iselmar

Tony Brundel hat moandei by Starum de earste IFKS-wedstriid wûn. It wie gjin spannende race. Al frij gau wie beslikke dat de Lytse Lys as earste einigje soe.
Winner fan ferline jier, Jacob Huisman waard twadde. Der wie strideraasje om de plakken 3 oant en mei 5. Sieb Meyer die mei in bakboardslach alle war om te winnen. Hy soe lykwols net yn 'e prizen falle. Jentje Schraa waard treds.