Rêstich by tongblierloket

© Omrop Fryslân
By it tongblierloket dat ferline wike yn it gemeentehûs yn Dongeradiel út ein set is, hawwe har oant no ta mar seis minsken meld. De fragen giene benammen oer de finansjele prosedueres.
Dizze wike wurdt besjoen hoe grut it ferlet fan sa'n loket is. As it tal fragen sa lyts bliuwt, sil de ferhuzing fan it stipepunt nei Eanjum op 'e nij besjoen wurde.