Winst foar partuer Berkepas

© Omrop Fryslân
Yn Wytmarsum kamen de manlju haadklassekeatsers snein foar it earst yn aksje yn 'e nije frije formaasjes. It partuer Rutmer van der Meer, Jacob Wassenaar en Marten Veenstra ferlear yn 'e finale.
Van der Meer-en-dy kamen út tsjin Klaas Berkepas, Dirk Jan van der Woud en Jochum Bouma. Dat lêste partoer stjoerde de tsjinstanners mei in ferlies fan 5 om 'e 1 en 6-4 nei hûs.