Automobilist set de sokken deryn

Nei in efterfolging hat de plysje sneontemoarn yn Drachten in automobilist (35) út Surhústerfean oanhâlden. De man ried sûnder ljocht. Op de Súdkade negearre er in stopteken en naaide hurd út.
Yn de Toerstjitte koe er dochs pakt wurde. Dêr die bliken dat er te folle dronken hie. Op it buro wie er dwers en ferkeard. De plysje hat syn riidbewiis ynnommen.