Van der Schoot bûtenspul set

Ynterim-direkteur Ressenaar fan Frisian Shipyards Welgelegen yn Harns freget moandei útstel fan betelling oan foar it bedriuw. Neffens Ressenaar kin de skipswerf net mear oan har betellingsferplichtingen foldwaan.
Mei de oanfraach is âld-direkteur en grut-oandielhâlder Van der Schoot bûtenspul set. De werf kin no oernaam wurde. Van der Schoot wie hjir op tsjin.