Fragen oer tichte slûs en brêge

© Omrop Fryslân
De slûs en de brêge by De Gordyk moatte ek yn de wykeinen betsjinne wurde. Dat fersyk docht de FNP steatefraksje oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten. Dat stik makket diel út fan de Turfrûte. Toeristen sitte wykeins fêst yn it plak.
Neffens de partij is dat yn striid mei provinsjaal belied. Dat wol krekt de kwaliteit fan it toeristysk produkt ferheegje.