Skea troch bliksemynslach

Yn Oerterp is freed in hûs oan de Weibuorren folslein útbaarnd nei bliksemynslach. De bewenners, in man fan 53 en in frou fan 52, binne nei it sikehûs oerbrocht. Se rûnen snijwûnen op en hiene te folle reek binnenkrigen.
Yn Boelensleane rûn in hûs oan de Michelsreed in soad skea op oan de ynboedel troch bliksemynslach. Kasten waarden fan 'e muorren skuord.