Longen blike fan bist te wêzen

De longen dy't tiisdei yn it wetter by de Emmakade yn Ljouwert fûn binne, blike fan in bist te wêzen. Dat is de útkomst fan in ûndersyk dat dien is yn MCL-súd yn Ljouwert.
De organen binne tiisdei fûn troch in ynwenster fan Ljouwert. Yn earste ynstânsje koe net útsluten wurde dat it minslik materiaal wie.