Wapene oerfal

In 33-jierrige man út Twizelerheide is woansdei troch de Grinzer plysje oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan in wapene oerfal op in tankstasjon yn De Pein. De meiwurker waard mei in mes bedrige. De oerfaller naaide mei tûzenen gûnen út.
Om't de meiwurker it nûmerboerd fan de auto opskreaun hie, koe de fertochte yn syn hûs oanhâlden wurde. It mes en in diel fan it jild is fûn.