Tefredenheidsenkêtes by Konmar

De Konmar ûndersiket oft de meiwurkers tefreden binne oer de nije winkels fan it supermerkkonsern. De útslach fan de enkête wurdt ein fan dizze moanne ferwachte.
Earder hat de Konmar al in enkête hâlden ûnder de klanten. Neffens it bedriuw giet it om reguliere ûndersiken en soe de negative publisiteit fan de lêste tiid der neat mei te krijen hawwe.