Wout Zylstra Nederlânsk sterkste

Sterke man Wout Zylstra fan Folsgeare is de Sterkste Man fan Nederlân. Dat waard fan 't wykein dúdlik yn Borculo. Oan 'e wedstriden diene alve manlju mei.
Zylstra wûn trije fan de seis ûnderdielen en waard op twa oaren twadde. Sadwaande hoegde er net mei te dwaan oan it lêste ûnderdiel, om te winnen. Jarno Hams fan Vroomshoop waard twadde en Sander du Borck út Dordrecht tredde.