Maatregels nei ferdrinking

De eigner fan it rekreaasjewetter Strandheem by Surhústerfean nimt ekstra feilichheidsmaatregels om ûngelokken foar te kommen. Dat nei oanlieding fan it ferdrinkingsdrama ôfrûne freed.
Freed ferdronk in 5-jierrich jonkje út Twizelerheide yn de swimfiver. Plysje en besikers fan it strân hawwe meiïnoar oan it sykjen west, mar de help kaam te let.