Hollanner wint yn Heidenskip

De nasjonale fierljepmanifestaasje yn It Heidenskip is sneon wûn troch Remco van den Berg út it Hollânske Lopikerkapel. Mei in sprong fan 17.62 meter einige er foar Erik Bos út Bodegraven. Foarich jier waard er ek kampioen.
Grutte ferrassing wie Nynke Galama fan It Heidenskip. Sy wûn by de froulju mei in nij pr fan 14.25 meter. It wie har earste nasjonale titel.