Earnewâld wint by Terherne

Earnewâld mei skipper Brouwer hat de fjirde SKS-wedstriid by Terherne wûn. De skippen moasten in oere wachtsje op de start om't der amper wyn stie. Twad waard Huzum folge troch Wâldsein, Grou en Ljouwert.
Allard Syperda fan It Hearrenfean en Meindert de Groot fan Starum hienen de protestflagge tsjin elkoar hise. It skeel is op it wetter útpraat.