CD fan Twarres op nûmer 1

It súkses foar it Wergeaster duo Twarres hâldt net op. Har debút-cd Stream stiet op it earste plak yn de de Album top 100.
Mirjam Timmer en Johan van der Veen hawwe mei de single She couldn't laugh net allinne yn Nederlân sukses, mar ek by de suderbuorlju. De Belgyske radio hie lêsten sels in hiele útstjoering oer it duo dêr't de jonge Friezen ek by wiene.