AZC kin yn Balk neffens gemeente

Der is genôch draachflak foar in asylsikerssintrum yn Balk neffens B en W fan Gaasterlân-Sleat. It kolleezje skriuwt oan de riedskommisje Algemiene Saken dat de reaksjes op de ynformaasjebyienkomst oer it generaal goed wienen.
De ûntsluting fan it azc by de Wylgen is lykwols noch wol in probleem. Mooglik wurdt gebrûk makke fan de besteande tunnel ûnder de dyk troch.