Havenmaster Sappé wol ophâlde

It wurdt hieltyd dreger om oerlêst fan jongerein yn de Langwarder passantehaven foar te kommen. Havenmaster Sappé wurdt geregeld bedrige troch jongerein en tinkt der no oan om op te hâlden.
Sappé is in begryp yn Langwar: yn it seizoen is er alle nachten fan twa oant seis oere yn 't spier om syn jonge besiers koes te hâlden. Boargemaster Kuiper fynt it spitich dat Sappé ophâlde wol.