Ald-papier moat mear opbringe

De priis foar âld papier moat heger. Dat hawwe de Biltse muzykferienings oan de gemeente frege. De ferienings ha de ynkomsten fan it papier hurd nedich.
De minimumpriis stiet al tsien jier lang op tsien sinten de kilo. As de merkpriis leger is, follet de gemeente it tekoart oan. De ferienings lûke oan de bel om't se foar in grut part ôfhinklik binne fan de âld-papierynkomsten.