Grut transport oer PM-kanaal

Freedtemoarn waard op in grut ponton in kraan fan 30 meter oer it PM-kanaal ferfierd. De oerslachkraan is foar it grutste part boud by Burgum Staalbouw en is no ûnderweis nei Singapore, dêr't er ein augustus oankomme sil.
Yn Singapore sil de kraan frachtskippen lade en losse. Burgum Staalbouw wie al sûnt febrewaris mei de opdracht oan it wurk.