Problemen mei Belbusnûmers oer

De problemen met de berikberens fan de Belbus binne oplost. De Belbussintrale yn Fryslân en Drinte wie sûnt tongersdei 17.00 oere net te berikken fia it gewoane telefoannet, mar wol mei mobile telefoans.
De nûmers 0900-1961 en 0900-8866 kinne wer gewoan belle wurde. It troch Arriva ynstelde neednûmer is wer ynlutsen.