Nijpels lulk oer strafkoartings

Neffens Kommissaris fan 'e Keninginne Ed Nijpels steane de strafkoartings net yn ferhâlding ta de lytse administrative fergripen, dêr't de boeren foar straft wurde. "De boeren ha al safolle ellinde hân, dit kin echt net", seit Nijpels.
Earst útstel fan beteljen, no koarting is net ridlik, fynt Nijpels. "Dit is wer in klap foar de húshâldings, de ôfhanneling troch it ryk liket nergens op."