Sipke Jansma ferstoarn

Keunstskilder Sipke Jansma is snein ferstoarn. Jansma waard yn 1923 berne yn Ryptsjerk. Yn de oarloch gong er by it ferset en yn dy tiid begûn er ek te skilderjen. Jansma ûntwikkele in hiel eigen styl dy't hieltyd kleuriger waard. Dêrmei woe er de moaie dingen fan it libben sjen litte.
Jansma hat eksposearre oant yn Amearika ta. Hy hie kanker en waard 78 jier.