Utslaggen skeakelklasse silen

Thijs Kort fan Drachten en syn bemanningslid Willy Boomsma binne moandei foar de twadde kear achter mekoar Nederlânsk kampioen yn de skeakelklasse wurden.
It Nederlânsk kampioenskip skeakel waard de ôfrûne dagen fersyld op de Snitsermar. Broer Erik Kort waard ferrassend twadde en Amerens Schurer fan Snits kaam op it tredde plak.