Griene stroom slacht net bot oan

In protte Friezen hawwe noch gjin betrouwen yn griene stroom. Minsken binne foaral skruten omdat se neffens harren net kontrolearje kinne oft it ek echt om griene stroom giet.
De enerzjybedriuwen binne ûndertusken drok dwaande om minsken waarm te krijen foar dizze 'skjinne foarm fan enerzjy'. Neffens de Nuon hat de ôfhâldendheid fan de klanten te krijen mei ûnwittendheid.