Gjin selsdeading yn it Noarden

By lânbou-organisaasje NLTO binne gjin gefallen bekend fan boeren dy't har fanwege de tongblierkrisis tekoart dien ha. Yn de tongblier-gebieten op de Veluwe soene 17 feehâlders sels foar de dea keazen ha nei't romjen fan har fee.
De sifers komme fan de tillefoanyske helptsjinst. Yn it noarden hawwe de troffen boeren kontakt hân mei ien saakkundige, neffens de NLTO.