Hurdfytsen

Nijeling Wim Stroetinga fan Easterwâlde hat dit wykein syn Nederlânske titel Omnium by de baankampioenskippen hurdfytsen prolongearre. Hy einige lyk mei Edwin van den Kerkhof yn it einklassemint, mar om't er it swierste ûnderdiel wûn hie, waard Stroetinga kampioen.
De hurdfytsrûnte yn it Drintse Dalen is wûn troch Freddy Haack fan Wynjewâld.