Lemmer Beach takom jier wer

It trijedaags Lemmer Beach festival krijt takom jier in ferfolch. De konserten begjinne dan mooglik al op de de middei. Der kamen de ôfrûne dagen tsientûsen besikers nei it muzykfestival op it Lemster strân. De lêste jûn wie de tinte folslein útferkocht.
De sfear wie goed yn de grutte sirkustinte, al ûntstie der troch it minne waar net echt in beach-party-sfear.