Brân yn Haulerwyk

Der hat freed in brân west yn in bedriuwsloads yn Haulerwyk. De produksje fan it bedriuw All Span sil sa'n fiif wiken stillizze. All Span makket houtsnippers en kattebakkerrels foar húsbisten.
Der is foar mear as in miljoen gûne skea. It bluswetter moast fan fier komme, om't in sleat achter it bedriuw fersmoarge wie.