Fiif flitspeallen fernield

Fiif flitspeallen binne de ôfrûne dagen yn Drachten fernield. Se binne yn de brân stutsen of mei farve bekladde. Wethâlder Pultrum fan Smellingerlân kart de aksje net goed, mar freget him wol ôf oft de peallen stean bliuwe moatte.
Mooglik mei yn de takomst 70 kilometer yn de oere riden wurde op de Noarderen Suderhegewei. Dat is no 50 km/oere. De rotondes soenen de oerlêst beheine.