Brûkbere tips ferkrêftingssaak

© Omrop Fryslân
Nei oanlieding fan it televyzjeprogramma Opsporing Verzocht op moandeitejûn binne der oant no ta 30 tips binnen kaam oer de ferkrêftingssaak yn Drachten. Neffens de plysje sitte der 10 brûkbere tips by.
De brûkbere tips wurde op dit stuit neilutsen. Oan de saak wurdt op dit stuit wurke troch in team fan tolve resjerzjeurs. De plysje is oan de hân fan in komposysjetekening op syk nei de dieder.