AZC foar 500 yn Littenseradiel

Yn Littenseradiel moat in asylsikerssintrum foar 500 bewenners komme. B en W fan de gemeente wolle dat it azc op syn heechst trije jier bestean bliuwt. In lokaasje is noch net bekend.
It kolleezje fynt de gemeente te lyts om flechtlingen foar langere tiid op te heinen. Yn septimber komt it útstel yn de gemeenteried. De ynwenners kinne oer de plannen meiprate.