Posysje wethâlder wif

As wethâlder Bakema fan It Amelân tiisdeitejûn opstapt, is dat allinnich om de rêst yn de gemeente werom te bringen. Hy seit dat sels yn in reaksje op it rapport dat oer syn funksjonearjen makke is.
Dat rapport hat it oer in wethâlder dy't 'hannelet op eigen inisjatyf, bûten de regels om'. Neffens Bakema kinne de beskuldigings net bewiisd wurde.