Gewelddieden yn Ljouwert

Twa jonges binne sneon yn Ljouwert mishannele. Fjouwer jonges stienen te pisjen yn in grêft oan de Nijstêd. Doe't in jonge der wat fan sei, waard er slein en skopt. Hy helle doe wat maten derby.
Fan de fjouwer jonges rekken twa ferwûne, ien waard mei in ketting slein en in oar krige in kaakslach. Se moasten nei it sikehûs. It is ûndúdlik wa't wat dien hat. De plysje ûndersiket de saak.